John Dos Passos

John Dos Passos
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Roderigo Dos Passos
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 jannewaris 1896
berteplak Chicago (Illinois)
stoarn 28 septimber 1970
stjerplak Baltimore (Marylân)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Madearysk
wurk
taal Ingelsk, Frânsk
sjenre lit. romans, essay's, toaniel,
poëzij
perioade midden 20e iuw
streaming modernisme
bekendste
  wurk(en)
The 42nd Parallel
1919
The Big Money
jierren aktyf 19201970
offisjele webside
www.johndospassos.com

John Dos Passos (folút: John Roderigo Dos Passos; Chicago, 14 jannewaris 1896Baltimore, 28 septimber 1970) wie in radikaal en frijsinnich Amerikaansk dichter, skriuwer, keunstskilder en sjoernalist fan Maderaansk-Amerikaansk komôf. Hy is it bekendst wurden troch syn U.S.A.-trilogy, besteande út 'e romans The 42nd Parallel, 1919 en The Big Money, dy't yn 1998 it 23ste plak helle op in list fan 'e hûndert bêste Ingelsktalige boeken út 'e tweintichste iuw (gearstald troch de útjouwerij Modern Library). Hoewol't Dos Passos yn 't earstoan sympatisearre mei it kommunisme, feroare er letter fan miening, en yn 'e sechstiger jierren fierde er aktyf kampanje foar de doetiidske Republikeinske presidintskandidaat Richard Nixon.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search